Baukje de Graaf út Noardburgum twadde op SjONG

Ljouwert - SjONG is it Frysktalige sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier, ien kear yn de twa jier organisearre troch Cedin. Sneaon wie de finale yn in grôtfolle Neushoorn yn Ljouwert.

Baukje de Graaf út Noardburgum waard twadde mei it nûmer ‘Doe’t ik dy seach’, in cover fan ‘Toen ik je zag’ fan Antonie Kamerling. Femke de Walle: ‘Se song as in ingel en ek sy trof ús yn it moed. It ferskil mei de 1ste priis wie minimaal.’ Femke de Walle, André Becker, Willem de Vries en Tim Douwsma foarmen de muzyksjuery.

It winnende nûmer waard útfierd troch Sara Orsel en Lisa Sijbesma út Easterein. Sara en Lisa songen de oerwinning binnen mei ‘Dreamelân’, in Fryske oersetting fan ‘A million dreams’, in nûmer út de film The Greatest Showman. De tredde priis gie wer nei in duo: Tara van der Meulen (Raerd) en Nynke van der Eems (Easterein) brochten ‘Gewoan’, oftewol ‘I would stay’ fan Krezip.

Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer. Dêrmei dogge se audysje mei, se begeliede harsels of sjonge op karaokebân. De bêste dielnimmers geane troch nei de finale.