Feilich meitsjen fan ljochtmêsten op iisbanen

BUTENPOST

Koartlyn binne op ferskate iisbanen de opstallen en de ljochtmêsten yn Achtkarspelen troch de gemeente kontrolearre. Yn de measte gefallen foldogge dizze net oan de feilichheidsnoarmen en binne dus ôfkard.

De fraksje fan FNP Achtkarspelen makket har soargen hjiroer en fynt dat der ekstra jild frij komme moat om dizze ljochtmêsten yn oarder te meitsjen. By it fêststellen fan it sport-en akkomodaasjebelied ôfrûne jier yn Achtkarspelen is der ek jild frij makke foar de ljochtmêsten op fuotbal en kuorbalfjilden. Yde van Kammen, riedslid fan de fraksje FNP:”Wy wolle dat der ien line lutsen wurdt en dat de mêsten op de iisbanen ek yn oarder makke wurde”.

Hjirop tsjinnet de fraksje FNP oankommende tongersdei 15 maart yn de riedsgearkomste fan Achtkarspelen in moasje frjemd oan de oarder fan de dei yn dy’t freget om jild frij te meitsjen foar it feilich meitsjen fan álle ljochtmêsten.


Auteur

jkommerie