De Kat spile: "Dokterke boartsje"

Kollum

Op freedtejûn 9 maart en sneontejûn 10 maart  spile de KAT it stik “Dokterke boartsje”. In blijspul, yn trije útkomsten, skrean troch Carl Slotboom. It tonielstik wurde spile yn de Colle yn Kollum.

De fan bankrôf fertochte Arie van Zanten, op’e flecht foar de plysje, rint it earste gebou yn dat hy tsjinkomt. Út in kast pakt hy in wite jas en lûkt dizze oan. As hy it gebou ferlitte wol komt hy haadsuster Gerda tsjin, dy’t yn de ferûnderstellng is dat de plakferfangende arts dokter Van Vliet oankommen is. Omdat der hieltyd plysje auto’s yn ‘e buert omride, bliuwt der foar Arie neat oars oer dan “Dokterke boartsje”, mei alle betiisde gefolgen.

Foto's: Sake Beerstra

Auteur

jkommerie