De KAT spilet: Dokterke boartsje

Kollum

Op freedtejûn 9 maart en sneontejûn 10 maart 2018 om 20:00 oere spilet de KAT it stik “Dokterke boartsje”. In blijspul, yn trije útkomsten, skrean troch Carl Slotboom. It tonielstik wurd spile yn de Colle yn Kollum, de seal is iepen fanôf 19:30 oere.

De foarferkeap begjint op 21 februari by “Hilboezen Poelier” en “Tabak en Lectuurshop Hoekstra”. Telefoanysk reservearje kin tusken 18:30 en 20:00 oere op telefoannûmer:  0511 – 453972. Kaarten kostje op freedtejûn € 8,00 p.p. en op sneontejûn € 10,00 p.p. Foar groepen/buertferienigings mei mear as 25 persoanen jildt in priis fan € 7,50 p.p.

Koarte inhâld:

De fan bankrôf fertochte Arie van Zanten, op’e flecht foar de plysje, rint it earste gebou yn dat hy tsjinkomt. Út in kast pakt hy in wite jas en lûkt dizze oan. As hy it gebou ferlitte wol komt hy haadsuster Gerda tsjin, dy’t yn de ferûnderstellng is dat de plakferfangende arts dokter Van Vliet oankommen is. Omdat der hieltyd plysje auto’s yn ‘e buert omride, bliuwt der foar Arie neat oars oer dan “Dokterke boartsje”, mei alle betiisde gefolgen.

Spilers: Annet Dijkstra, Pieter Haaksma, Kim Westerhof, Roelof Hamersma, Els Hoekstra, Peter van der Weg, Jeffrey Greven en Maaike Terpstra.

Rezjy: Jaap Haaksma.

Rezjy-assistent: Marijke Lanting.

Foto: Sake Beerstra

Auteur

jkommerie