Wurkbesite FNP Achtkarspelen oan Stielbedriuw Hacquebord

Twijzelerheide

In groep kandidaat riedsleden en leden fan it bestjoer fan de FNP Achtkarspelen hat moandei 12 febrewaris op wurkbesite west by  stielbedriuw  Hacquebord yn Twizelerheide.

De FNP’ers waarden gastfrij ûntfongen troch de direkteur fan it bedriuw de hear H. Schouten.  De kofje stie klear en dernei gong de hear Schouten los mei syn ferhaal. Hy fertelde wiidweidich oer syn bedriuw en de FNP-ers koenen ûndertusken gewoan fragen stelle oan him.

It bedriuw Hacquebord bestiet al sûnt 1865. It is begûn as in handel yn izerwaren en boerengerief yn Dokkum. Haquebord is letter een Stielbedriuw wurden. Sûnt 1986 binne se fêstige yn it doarp Twizelerheide. Men driuwt hannel yn stiel. Oer hiel de wrâld wurdt stiel ynkocht. Ek sjocht Hacquebord der op ta  dat alle stiel fan in goeie kwaliteit is.

Hacquebord keapet de stiel, slacht de stiel op en ferkeapet it dernei. Hacquebord ferkeapet mei namme oan bedriuwen yn de 3e noardlike provinsjes fan Nederlân.

Hacquebord stiet bekend om syn útgebreide assortimint, men kin wol  mear as 1000 ferskillende artikels leverje. De hear Schouten seit: “frijwol alles wat mei stiel te meitsjen hat, kinne wy leverje”. Oare stielhandelsbedriuwen ha faaks in beheinder assortimint. Op dit momint wurkje der ûngefear 25 minsken by Hacquebord yn Twizelerheide. Men rydt mei 3 eigen frachtauto’s en hast eltse dei wurde der ek noch ekstra frachtauto’s hiert by bedriuwen út de regio.

Hacquebord hat neist it bedriuw yn Twizelerheide ek noch in opslachloads yn Drachten stean. Sûnt 2004 is de foarrie sa’n 2½ kear sa grut wurden. It bedriuw Hacquebord stiet der goed  foar en men hat sin yn de takomst.

Oan it ein fan de wurk besite waarden de FNP-ers rûn lieden oer it terrein fan Stielbedriuw Hacquebord troch direkteur hear Schouten. De FNP-ers betanken dernei de hear Schouten foar de hertlike ûntfangst en de moaie wurkbesite. As tank krige hy in fles wyn foar thús fan de FNP.

                                                                                                                                                                                                            


Auteur

jkommerie