Gemeente Achtkarspelen makket .frl mailadres mooglik

Buitenpost

De gemeente Achtkarspelen hat njonken gemeente Dantumadiel it technysk mooglik makke om gebrûk te meitsjen fan .frl mailadres ekstinsje. It inisjatyf kaam fan riedslid Groenhof dy’t hjir twa jier lyn om freege hat en op it stuit as earste riedslid yn Achtkarspelen mails fertsjoert en ûnfangt mei .frl. Groenhof stiet bekend as fervent stimulator fan praktyske maatregels dy‘t passe by fierdere emansipaasje fan de Fryske taal. De gemeente sil nei de ferkiezings fan 21 maart 2018 hifkje oft der by de nije riedsleden belangstelling is foar in .frl mailadres.

   

Auteur

jkommerie