Jounswille op’e planken mei ‘Farwol Ierde’

Augustinusga

Dit jier spylet Jounswille it stik “Farwol Ierde” ûnder lieding fan ús regisseur Klaas Jaap van der Heide. Yn stee fan te kiezen foar in besteand toanielstik, binne de regisseur en de spylers de útdaging oangien om sels in stik te skriuwen.

Boris fielt himsels, al sûnt er lyts is, net thús op ierde. Hy hat himsels, de lêste moannen hielendal ôfsletten fan'e minsken, fan syn wurk als stjerrekundig dosint op‘e universiteit en fan'e wrâld om him hinne. Hy makket yn syn appartemint in katapult om himsels de kosmos yn te sjitten. ‘Farwol Ierde’ is in nij sels-skreun stik, basearre op de theatrale ynstallaasje ‘The Man Who Flew Into Space From His Appartment’ fan de Russyske keunstner Ilja Kabakov. Wer’t Kabakov yn syn ynstallaasje sjen lit hoe’t it appartement er útsjocht nei dat de katapult syn wurk dien hat, lit de foarstelling ‘Farwol Ierde’ sjen wat er de twa dagen dêrfoar bard is. Wa wie dizze man en wat foar minksken hat dizze man noch moete foardat er himsels fuort sjit rjochting de stjerren? De útfieringen fan it stik binne op freed 26, sneon 27 jannewaris en op freed 2 en sneon 3 febrewaris, alle jûnen om 20:00 oere yn Café Stynsgea. Mei yngong fan 17 jannewaris fan 4 oere middeis ôf kinne jo kaarten besette by: Fam. Gjaltema telf. 0512-352192.  

Auteur

jkommerie