Emke Peterson op'e nij earste man FNP Dantumadiel

DAMWALD

Emke Peterson is op'e nij de earste man foar it FNP yn Dantumadiel. Dat is unanym besletten op de algemiene ledegearkomste fan de FNP ôfdieling fan de gemeente Dantumadiel.

Peterson wie yn de ôfrûne fjouwer jier al wethâlder foar de FNP. Yn de koalysje mei it CDA en CU hat de FNP in grut tal punten út harren ferkiezingsprogram wier meitsje kind. Sa ha de doarpen no beskikking oer in eigen fûns ûnder de passende namme “It is oan jo”.

Al sa'n 70 projekten binne tasein út it doarpenfûns en de FNP wol de kommende jierren de doarpen hjir noch mear yn stypje. Ek op it mêd fan sport en kultuer hat de wethâlder him ynset foar goeie foarsjennings lykas renovaasje fan de Skierstins en in multifunksjoniel sintrum yn Feanwâlden. Yn Damwâld wurdt in nije sporthal boud as ferfanging fan “de Boppeslach”.

De FNP wol ek foar de kommende fjouwer jier doelen berikke foar de boarger fan Dantumadiel en Peterson is neist listlûker ek wer beskikber as wethâlder foar de FNP.


Auteur

Redacteur