Tjibbe Brinkman listlûker foar FNP Achtkarspelen

Surhuisterveen

 Op tiisdei-jûn 12 desimber kamen de leden fan FNP Achtkarspelen byelkoar foar hun ledegearkomste yn seal De Lantearne yn Surhústerfean. Yn in grôtfolle seal mei mear as 80 leden ha se te set west oer it nije ferkiezingsprogram en de kandidatenlist foar de kommende 4 jier.

Sjoerd Groenhof as foarsitter fan de programkommisje presentearre it nije FNP program “Ticht by de minsken” en de wize wêrop foel by de leden fan FNP Achtkarspelen tige goed yn de smaak. It nije FNP program waar troch de seal dan ek unanym goedkart.

Nei it skoft kamen de earste 10 FNP kandidaten foar de nije riedsperiode nei foaren ta om sich te presentearjen oan de leden. Hjirnei waard stimt oer de kandidatenlist.

Nei de stimming is troch de mearderheid fan de leden Tjibbe Brinkman keazen as de nr. 1 en as listlûker foar de kommende riedsferkiezingen.  Tjibbe Brinkman is 39 jier âld, komt út Twizel en is op dit stuit ek riedslid. Nij op de list binne twa jonge aspirant-politici Jellie Hamstra en Jelmer Bloembergen.

De folgjende kandidaten op de list binne nei stimming wurden:

Nr. 2: Yde van Kammen út De Harkema

Nr. 3: Sake v/d Meer út Koatstertille

Nr. 4. Maaike Dotinga út Bûtenpost

Nr. 5: Rein v/d Wal út Surhústerfean

Nr. 6: Wietske Poelman út Gerkeskleaster/Strobos

Nr. 7: Jellie Hamstra út Droegeham

Nr. 8: Wopke Veenstra út Boelensloane

Nr. 9: Marianne v/d Heide út Stynsgea

Nr. 10: Jelmer Bloembergen út Koatstertille

Op dit stuit is de FNP mei 6 riedsitten de grutste polityke partij yn de ried fan de gemeente Achtkarspelen.


Auteur

jkommerie