Koöperatyf Dividend Rabobank levert bydrage oan ferbouwing KV Flamingo’s

Buitenpost

Rabobank Drachten Friesland Oost levert fanút it Fonds Coöperatief Dividend Rabobank in bydrage fan € 5.000 oan kuorbalferiening Flamingo’s út Bûtenpost. Hjirmei finansiert de Rabobank in grut part fan de ferbouwingsplannen fan de feriening. Nei't KV Flamingo’s de Rabobank oanskreaun hie om in berop te dwaan op it fûns, is it fersyk honorearre. De bydrage wurdt ynset foar ferbouwing fan it klupgebou, dy't gâns ferâldere is en net mear oan de easken fan 'e tiid foldocht.

Om dit fan 'e grûn te krijen, besiket de feriening safolle mooglik jild byinoar te swyljen fia aksjes, sponsoring en subsydzjeoanfragen. It Fonds Coöperatief Dividend Rabobank is der foar lokale maatskipelike inisjativen dy't de leefberens yn de omkriten ten goede komme. De bydrage komt dan ek as roppen foar de feriening. “Wy binne tige ynnommen mei de stipe dy't wy krije fan de Rabobank.”, sa lit Ette Frits Veenstra, voorzitter van KV Flamingo’s witte.

Auteur

jkommerie