Krite Bûtenpost spilet “Wat in gekke man … en syn frou dan?”

BûTENPOST

BûTENPOST Op de sneontejûnen 25 novimber en 2 desimber bringt it Kritetoaniel fan Bûtenpost de foarstelling “Wat in gekke man ... en syn frou dan?” oer it fuotljocht.

In blijspul fan Alan Ayckbourn, “Absurd personal Singular”, yn in Fryske oersetting fan Baukje Stavinga. Mei Klaas Jansma, Anneke Nieuwenhuis, Dictus Benedictus, Ria Krist, Andries Hovinga en Wiesje Kloosterman. Rezjy Henk Roskammer. Sealesintrum The Point, 20.00 oere.

Trije echtpearen. Trije ferskillende keukens. Trije kear in Krystjûn, elk jier by in oar. Foarich jier, dit jier en oar jier. Kostlike dialogen, misferstannen en teloarstellingen. Seis minsken mislearre yn it libben en karikatueren fan harren sels wurden, trochdat elkenien mei eachkleppen op rint. Foar de bûtewrâld liket alles perfekt, mar as de maskers ôffalle sjogge wy de echte wrâld. Hjirtroch heart nimmen mear wat der sein wurdt. It is in wrange komeedzje, mar wol in bysûndere. Fermaaklik en skerp skreaun mei doldryste situaasjes.


Auteur

Redacteur