Pjutteboartersplak ‘It Hummelhoekje’ behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen

Augustinusga

Op tiisdei 27 en woansdei 28 juny wie it feest op it pjutteboartersplak fan Stynsgea. It boartersplak fan organisaasje TIKO Kinderopvang wurket sûnt maart 2015 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen.

Liedsters Bonnie Dalstra en Gerrie Damstra hawwe harren tige ynsetten om it twatalich belied foarm te jaan en dêr it sertifikaat ‘Pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ foar behelle. Op de beide moarnskoften hat Aukje Geertsma west om de bern foar te lêzen. Oan ‘e ein fan de moarn stie der kofje mei Tomke-oranjekoeke klear foar de âlden en hawwe Bonnie en Gerrie it sertifikaat presintearre. Twatalichheid op It Hummelhoekje Fan organisaasje TIKO Kinderopvang dogge wylst 12 pjutteboartersplakken mei oan it trajekt om in sertifisearre twatalich boartersplak te wurden. Op It Hummelhoekje sjocht it der yn de praktyk sa út: Bonnie en Gerrie wurkje fjouwer moarnskoften tegearre. Beide liedsters prate konsekwint Frysk mei de bern. Sy soargje dat it Nederlânsk rom foldwaande omtinken krijt, troch geregeld yn dy taal te sjongen en foar te lêzen. Ek yn rollespultsjes hat it Nederlânsk in plak. Op It Hummelhoekje binne ek twa frijwillichsters, Karin praat Frysk en Luiza Nederlânsk. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare. Der hat in saneamde fisitaasjekommisje op It Hummelhoekje west te sjen en sy skriuwt yn har rapport ûnder oaren: ‘De liedsters litte dizze moarn sjen dat se de bern mei ferskate middels in protte taalaktiviteiten oanbiede. In pear foarbylden: by it wolkom, petearkes yn ‘e rûnte, maitiidsblommen besjen, fiele, rûke, hannelje, deroer prate, fragen stelle, yngean op wat de bern sizze, by de deiritmekaarten, tidens it fruititen, by it sjongen, it foarlêzen fan in boek (Wiggele B. Einepyk), it fervjen, it boartsjen yn de hoeken, ‘tuinkers’ op watsjes dwaan, by de sneuptafel, by in muzykje, it opromjen, it fieren fan de jierdei fan Luise. Op dizze wize wurde se útdage om yn de groep, mar ek yndividueel, harren taalfeardigens te oefenjen. It giet dan om bewust keazen aktiviteiten, mar ek om taalaktiviteiten yn ynformele situaasjes.’ En: ‘De liedsters beneame geregeld de hannelingen fan harren sels en fan de bern. Dat bart by ferskate aktiviteiten. ‘No sette wy allegear it stuoltsje op ‘e stip. Ik set de blommen oan ‘e kant. Do hast de ‘gieter’ leech makke. Ik help dy even. Moatst ris sjen. Sa lekker.’ De liedsters kinne ûntwikkelingsmominten yn it frije spul, tidens it fruititen en tidens oare mienskiplike mominten sjen, oangripe en útwreidzje. Dêr ha wy fannemoarn in protte foarbylden fan sjoen.’ By it sertifisearringstrajekt krijt It Hummelhoekje begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 200 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Auteur

jkommerie