Poëzyjûn by it Simke Kloostermanhûs Twizel

Kollum

In Fryske poëzyjûn mei  Abe de Vries, Gerda van Dijk, Sigrid Kingma, Meindert Talma en Melle Leegstra op it plak dêr't dichter Jan Ritskes Kloosterman en syn dochter Simke eartiids harren ynspiraasje opdienen. De Roodbaard-achtige tún yn Twizel is opnij toaniel foar de Keunst.

Lykas yn 2010, '12, en '14 organisearret de Keunstkrite Twizel de Jan Ritskes Poëzyjûn. Dat, foar de fjirde kear  is  de tún dy’t  Jan Ritskes sels oanlein hat ek it poadium foar de notiidske dichterlike keunst. Fan ’t  jier yn it ramt fan de Keunstwike fan Achtkarspelen. Literatuer en poëzy meie net misse yn sa'n wike. “Wy hawwe in kar makke út wat lichter en wat swierder wurk en in ‘special’ om Simke hinne troch Gerda van Dijk en Melle Leegstra. Meindert Talma (ús wâldsjonger) en Sigrid Kingma binne fansels hjoeddeistige dichters mei tige hjoeddeistige tema's en in moderne oanpak fan harren wurk. Abe de Vries is foar ús ‘de Rachmaninov’ mank de Fryske dichters fan ús tiid; de kombinaasje fan syn taal en syn passy makket  neffens de Keunstkrite dat er in klasse op himsels is. In moai ôfwikseljend programma yn in ûntspande sfear: in traktaasje foar de siel”. Datum: Woansdei 31 maaie o.s. Begjin: 20.00 uur. Lokaasje: Simke Kloostermanhûs, Tsjerkebuorren 27, 9286 EZ Twizel Yntree: € 7,50 de m./f. Ynformaasje en kaartferkeap by  www.keunstkrite.nl

Auteur

jkommerie