De KAT spile 'In Pompstasjon'

Kollum

Op freedtejûn 7 april en sneuntejûn 8 april spile de KAT it stik “In Pompstasjon”. In blijspul, yn fjouwer útkomsten, skrean troch Gildas Bourdet. It tonielstik is spile in de Colle yn Kollum,

By in frijwat ferlitten pompstasjon, ynsletten tusken it bosk en it fleanfjild, oan in dyk dy’t ôf-sletten is, wenje in mem, Madeleine, en har trije dochters, Thérèse, Maud en Doris. En Tuut-Tuut, de net-hielendal-hûndert-punten-dochter fan Thérèse. Op in soad klandyzje kin it pompstason al jierren net mear rekkenje. In útsichtleaze situaasje. Nettsjinsteande dat, is Samson de fêste wearde fan it pompstason. Hy is de monteur en hâldt, foar safier mooglik, de boel as iennige noch in bytsje draaiende. En sleutelt allegeduerigen oan de âld Peugeot fan it gesin, dy’t ynset wurde sil foar it houlik. Hy is op de hichte fan alles wat him ôfspilet op it pompstasjon. Somtiden tsjin wil en dank. De tariedings foar it houlik fan de middelste dochter Maud, dy’t trouwe sil mei de jonge arts Thomas, binne yn folle gong. Foar Maud is it houlik mei Thomas in kâns op in nij libben. Mar dan dûkt nei 18 jier Humbert, Madeleine’s eks, en de heit fan de trije susters, ynienen wer op. Wat binne syn plannen? Bringt hy it hiele spul, en it foarnommen houlik, yn ûnstjoer? En dan is der noch de stoere Richard. Is hy einlik net de echte leafde fan Maud? En hat Thérèse, de âldste dochter, dy’t sa teloarsteld rekke is yn de manlju, ek in eachje op him? En hoe komt it mei Doris, de jongste? Wol sy der wol by wêze? Of spilet sy stikem fan ruten mei Winnock, stapt se by him efterop de motor, en lit sy har eineksamen en de brulloft fan Maud oan har foarby gean? FOTO'S SAKE BEERSTRA

Auteur

jkommerie