Fryske Krite Bûtenpost spilet 'Al myn soannen' op slútjûn yn de Lawei

Buitenpost

Op de sneontejûnen 4 en 11 maart spile it Kritetoaniel it oangripende stik “Al myn soannen” fan de Amerikaanske skriuwer Arthur Miller. Kriteman Henk Roskammer die syn regy-eksamen mei dit stik út 1947 en Dictus Benedictus, ek kriteman, makke in nije Fryske oersetting.

Mei de beide útfieringen yn eigen hûs, twa kear in folslein útferkocht hûs is de taart lykwols noch net op. Op freedtejûn 7 april wurdt is stik yn de grutte seal fan De Lawei op’e nij oer it fuotljocht brocht. Foar spilers, technyk, dekôrbouwers, de froulju fan de grime, de oersetter en fansels de ûnderwilens ôfstudearre regisseur de kers op de taart. Op 7 april hâlde de by de Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF) oansletten toanielselskippen harren slútjûn yn de Drachtster skouboarch. Op dizze jûn wurden de prizen ferdield foar it winterskoft 2016-2017 (bêste foarstelling, moaiste technyk, ensafuorthinne) en wurdt der sûnt jier en dei in Fryske premjêre spile. Op 4 april is “Al myn soannen” besjoen en útkeazen foar it feestje fan 7 april. Hjir jildt dan ek mar ien wurd: Grutsk! Sietse de Vries, ek op 4 maart yn The Point, beslút syn resinsje yn de Ljouwerter fan 6 maart mei de moaie wurden: “It publyk wie twa en in heal oere mûsstil”. Mei de útferkiezing slútjûn 2017 it grutste komplimint wat je as toanielselskip krije kinne.  

Auteur

jkommerie