De KAT spilet: “In Pompstasjon”

Kollum

Op freedtejûn 7 april en sneontejûn 8 april om 20:00 oere spilet de KAT it stik “In Pompstasjon”. In blijspul, yn fjouwer útkomsten, skrean troch Gildas Bourdet. It tonielstik wurdt spile yn de Colle yn Kollum, de seal is iepen fanôf 19:30.

Koarte inhâld: By in frijwat ferlitten pompstasjon, ynsletten tusken it bosk en it fleanfjild, oan in dyk dy’t ôfsletten is, wenje in mem, Madeleine, en har trije dochters, Thérèse, Maud en Doris. En Tuut-Tuut, de net-hielendal-hûndert-punten-dochter fan Thérèse. Op in soad klandyzje kin it pompstason al jierren net mear rekkenje. In útsichtleaze situaasje. Net tsjinsteande dat, is Samson de fêste wearde fan it pompstason. Hy is de monteur en hâldt, foar safier mooglik, de boel as iennige noch in bytsje draaiende. En sleutelt allegeduerigen oan de âld Peugeot fan it gesin, dy’t ynset wurde sil foar it houlik. Hy is op de hichte fan alles wat him ôfspilet op it pompstasjon. Somtiden tsjin wil en dank. De tariedings foar it houlik fan de middelste dochter Maud, dy’t trouwe sil mei de jonge arts Thomas, binne yn folle gong. Foar Maud is it houlik mei Thomas in kâns op in nij libben. Mar dan dûkt nei 18 jier Humbert, Madeleine’s eks, en de heit fan de trije susters, ynienen wer op. Wat binne syn plannen? Bringt hy it hiele spul, en it foarnommen houlik, yn ûnstjoer? En dan is der noch de stoere Richard… Is hy einlik net de echte leafde fan Maud? En hat Thérèse, de âldste dochter, dy’t sa teloarsteld rekke is yn de manlju, ek in eachje op him? En hoe komt it mei Doris, de jongste? Wol sy der wol by wêze? Of spilet sy stikem fan ruten mei Winnock, stapt se by him efter op de motor, en lit sy har eineksamen en de brulloft fan Maud oan har foarbygean? Spilers: TietsjePoortinga, Annet Dijkstra, Pieter Haaksma, Kim Westerhof, Roelof Hamersma, Maaike Terpstra, Els Hoekstra, Sieds van der Veen, Peter van der Weg en JacquelienAgema. Rezjy: TsjerkBottema. Rezjy-assistent: Marijke Lanting. De foarferkeap is fanôf 24 maart by “Hilboezen Poelier” en “Tabak en Lectuurshop Hoekstra”. Telefoanysk reservearje kin tusken 18:30 en 20:00 oere op telefoannûmer:  0511 – 453972. Kaarten kosten op freedtejûn € 7,50 p.p. en op sneontejûn € 10,00 p.p. FOTO JAN BEETS

Auteur

jkommerie