De Brekbere Sirkel yn Butenpost

Buitenpost

De Brekbere Sirkel  is in swingende Frysktalige muzykteaterfoarstelling oer in o sa begrutlik  leafdesferhaal fol mei Amerikaanske rootsmuzyk mei de akteurs Tet Rozendal en Wybo Smids en de muzikanten Gurbe Douwstra, Bûtenposter Wander van Duin, Jan de Vries en Tseard Nauta.

Elise (Tet Rozendal) en Didier (Wybo Smits) belibje tegearre de wiere leafde. Mar at harren famke Maybelle  siik wurdt en ferstjert sjogge wy twa folslein ferskillende reaksjes. Didier wurdt kûgelsk en Elise siket treast. Wa’t bart der mei in minske at jins bern, dêr wêr’t je it measte fan hâlde, fan je ôfnaam wurdt? It fertriet is dan sa grut dat je it net ha, mar it gewoan binne. Elise fynt lykwols in útwei. Se belibbet har ultime finale: noch ien kear treedt se op mei Didier en harren band. Se spylje nûmers fan Johnny Cash, Alisson Krauss, Emmylou Harris en Waylon Jennings. Wurd en muzyk wurde ien yn dizze o sa  krêftige foarstelling. It ferhaal is ek bekend wurden troch de filmferzje fan dizze “lovestory”; The broken circle breakdown. Op woansdeitejûn 29 maart 2017 om  20.15 oere wurdt De Brekbere Sirkel spile yn sealesintrum The Point. Foarferkeap: 17,50 / Oan de seal: € 18,50

Auteur

jkommerie