Toanielferiening Bienze Westra spilet 'De erfenis fan muoike Bella'

Aldwald

De muoike fan Albert en Berend is ferstoarn. De beide broers ha hjir net folle fertriet fan, want in bân mei muoike hiene se net echt. En no kinne se erve! Dy erfenis bestiet út in âlderwetske beautysalon.

Albert hie leaver wat oars urven fan dy âld tange. Mar Berend fynt sa’n saak goud wurdich. “We knappe de boel wat op en sette it daliks te keap”. It moat yntusken wol gewoan iepen bliuwe, want oars rint de klandyzje fuort. Mar is dat wol sa’n goed plan? En wer is it personiel? En hokfoar klanten hie muoike? Argewaasje genôch foar in jûn noflik toaniel en in soad laitsjen. It stik wurdt spile op freed 3 febrewaris en sneon 4 febrewaris om 20.00 oere yn it MFC yn Aldwâld.

Auteur

jkommerie