Presintaasje gedichtebondel doarpsdichter Achtkarspelen

Buitenpost

Op tongersdei 26 jannewaris presintearret de gemeente Achtkarspelen de gedichtebondel fan Wâlddichter Suzan Bosch. By dizze gearkomste wurdt ek de nije doarpsdichter fan Achtkarspelen bekend makke en foarsteld.

Suzan Bosch wie yn de perioade 2014-2016 de tredde Wâlddichter yn de gemeente Achtkarspelen. Om it kulturele en literêre libben yn ús gemeente te stimulearjen, ha wy sûnt 1999 in doarpsdichter. De eardere doarpsdichters wienen Sytse van der Werf en Ate Grypstra.

Suzan Bosch hat yn har perioade as doarpsdichter ferskate gedichten skreaun en foardroegen by bysûndere gelegenheden en eveneminten yn de gemeente. Bygelyks foar it útrikken fan de keninklike ûnderskiedings, by de wolkomstgearkomste foar nije ynwenners en de jierlikse Burendag. Alle gedichten binne pleatst op de gemeentlike webside en yn hûs-oan-hûsblêd Actief.

Tongersdei 26 jannewaris is eltsenien fan herte wolkom yn it gemeentehûs yn Bûtenpost om oanwêzich te wêzen by de presintaasje fan de gedichtebondel. De gearkomste begjint om 17.00 oere en duorret oant 18.00 oere. De tagong is fergees.


Auteur

jkommerie