Revu Koatstertille: Mei ‘Deryn’ hynders achter en njonken de wein ynspand

KOATSTERTILLE

Lekkere grientesop minge mei tomate- en brune beantsjesop en wat oerbleaune snert en dat as farsk ferkeapje as fantasije fan de kok.

Dit byld bliuwt my by nei it folgjen fan de tweintichtste nijjiersrevu yn Koatstertille ûnder regy fan Sander Kalsbeek en mei teksten fan Geert Hager, Douwe Wobbes, Andries Hovinga en Pytsje Scherjon. Lyk as oare jierren is der altyd in ferwachting fan de feestlike jûnen op de drompel fan it iene nei it oare jier. Sa hat it eins altyd west: in plesierige sfear mei kleur en fleur en ek wolris djippe libbensmominten yn de revu. Diskear koe ik net of soms amper laitsje lykas mear yn it publyk net. Bedoarn iten hȃn? Nee, it foarmiel smakke min. Dy smaak dy reitsje jo noait wer kwyt. Alles wat dêrnei komt, is dan yniensens net mear lekker. It sit sjesa. It stik spilet him ôf yn in multifunksjoniel sintrum, in soartefan doarpshûs, dat ferkocht wurde moat fanwegen swierrichheden. Eigner Pyt van Wieren wurdt al yn de earste menuten in tal kearen kondolearre. Der is wat slimst bard. Geandewei komme jo te witten dat er ek noch yn in skieding leit, al in nije freondinne hat en miskien de saak wol slute moat mei ûntslach foar it personiel. Probleem op probleem, mar mei as foarset in kondoleȃnsje. Nei sa’n swiere oanset folgje der in tal sketches fan bygelyks in yogaklub yn it doarpshûs yn oerdreaun drokke klean dy’t flokke mei elk respekt foar fertriet. It ferlies fan in te betiid berne jonkje, letter Abe neamd, wurdt sa oan ‘e kant skood as in stien dy’t jo net brûke kinne. As de yogales ek nochris fierstente lang duorret mei humor op it nivo fan ‘Hup-hup-hup, wy bin’ de froulju fan de yogaklub’ witte jo al gau dat je eins yn it ferkearde restaurant sitte. By de tweintichste revu op rige ferwachtsje jo net dit. Der giet in hiel soad mis. Lykas by it steltsje dat wol kofjedrinkt yn it sintrum, mar net ôfrekkent en ek gjin konsumpsjekaartsje kriget. It earste healoerke haw ik myn nije skuon even útteste kind op in plak foar krûme teannen. Ut en troch is der in prachtich liet lykas oer it tanimmend gebrûk fan it on line bestellen. Mei goeie sjongtalinten, harmony, sfear, kleur en fleur. Sa as it kin. Foardiel fan de sfear fan in soartefan doarpshûs is dat alles hjir útspile wurde kin. Elk komt wolris yn in doarpshûs foar in bakje kofje, in praatsje, in klubjûn. Dêr kin dus ek ‘Doeke’ as Donald Trump opdrave en boargemaster Gerbrandy op syk gean nei Pokémontsjes, wilens syn draaidoarwethȁlder Postma sa’t hja delset wurdt as har opfolger asylsikers te wurd stiet. It drama rûn in doarpshûs ferweve mei prikkels fanút DNA Onbekend – de echte relaasje tusken personiel en baas komt letter oan bar – en Geer en Goor is freegje om frjemde fantasije fan de kok. As frou Van Wieren-Visser dan ek nochris yn it folle ljocht sjongt oer har deade berntsje dan is der gjin gefoel foar yntimiteit. Alle grinzen tusken privacy en plesier wurde sa fuortfage. De revu ûnder de titel Deryn! hat my diskear in bytsje mislik makke. De laboratoriumgroep dy’t potsjes mei stront yn it doarpshûs keurde en soms de finger hjirby letterlik ôfslikke, hat foar my it boek ticht dien: banaal oant op de boaijem. Ik ken sels net in situaasje betinke fan in laboratoriumteam dat foar har soarte wurk in doarpshûs ôfhierd. De revuploech mei grutsk wêze op de kwaliteiten, de ûnderfining en de bining fan de spilers. De kwaliteiten wurde as hynders no foar de ferkearde karre spand. Sa nea wer! TEKST EN FOTO'S JELLE RAAP

Auteur

jkommerie