Eksposysje 'Spoaren fan in kust' yn it gemeentehûs fan Achtkarspelen

Buitenpost

BÛTENPOST - Se fûnen elkoar yn it lânskip. In skilder en in dichter eksposeerje tegearre yn it gemeentehûs fan Achtkarspelen fan 5 jannewaris oant 30 maart 2017. Elkenien is wolkom op de iepening tongersdei 5 jannewaris om 16.00 oere yn Bûtenpost.

Bernardien Roze (1959) skilderet diskear mei oailjeferve en sy liet har liede troch it lânskip en de wikseling fan it seizoen. Yn har ekspressive wurk leit `de eachopslach’ fan de skientme yn ’e natuer en fan bouwurken. Graach wurket se oan in twalûk: bylden, dy’t elkoar yn de komposysje fersterkje. Of yn in searje, dêr’t se in tema yn meardere opsichten belibbet en útdjippet. Marije Roorda (1948) skriuwt gedichten en koarte ferhalen. Har wurk ferskynde yn it tydskrift Ensafh. en yn sammelbondels. Se wûn twa kear de Rely Jorritsmapriis mei in gedicht yn 2000 en 2014. Se mei graach dwale oan de kuststreek en it wetter spilet gauris in rol yn har wurk. Sûnt 2009 is der in gearwurking foar in duo-eksposysje. It begûn mei `It blau yn beammen’ en `Spoaren fan in kust’ is de fjirde útstalling, dy’t se meiïnoar diele.  Se hawwe har wurk sjen en hearre litten op ferskate keunstrûtes. "It bliuwt altyd ferrassend hoe’t in byld in taalfoarm krijt en oarsom!", seit Roze. Foar Spoaren fan in kust hawwe se kuiers makke lâns de âlde Suderseekust yn Gaasterlân. Underweis waarden der sketsen makke en notysjes sa as:’poarte fan blêdgoud’. Mear ynformaasje op www.bernardienroze.nl en de siede fan de Keunstkrite www.keunstkrite.nl

Auteur

jkommerie