Kritetoaniel Bûtenpost spilet De Finale

Buitenpost

 Op de sneontejûnen 19 en 26 novimber 2016 spilet de Fryske Krite it kluchtige blijspul “De Finale” fan Tryntsje van der Zee. Dit yn sealesintrum The Point, beide jûnen om 20.00 oere, seal iepen fan 19.00 oere ôf. Kaartferkeap oan de seal.

Rinus Palstra is ferstoarn en iepenet syn testamint op in wol hiel moderne wize. It earste part jout al wat kribbekeurichheden, om't syn freondinne yn it hûs wenjen bliuwe mei, sadat dat net ferkocht wurde kin. It twadde part is noch slimmer, want fan de twa ton dy't hy neilit moat de helte nei in goed doel. As de bern útfine kinne wat dit goede doel it is, kinne sy de oare helte ek opstrike, oars giet dy ek nei dat selde goede doel. Panyk yn de tinte, want se hawwe ferlet fan it jild om't se slim yn'e niten sitte, of se gunne inoar gewoan neat ...... Spilers: Klaas Jansma, Iebe Bouma, Anneke Nieuwenhuis, twa Bûtenposter debutanten Ria Krist en Klaske Kommery en gastspiler Martinus Meindertsma. Regy: Jelmar Hoekstra. Nei ôfrin fansels wer in fleurich stikje muzyk. Sneon 19 novimber:      Blowing Away Sneon 26 novimber:      Tres Chic FOTO ERNST JAAP DE HAAN

Auteur

jkommerie