Toanielselskip Noflik Tegearre spilet trije ienakters

KOLLUMERSWEACH

Op saterje 29 oktober, freed 4 novimber, saterje 5 novimber en freed 11 novimber sil toanielselskip Noflik Tegearre trije ienakters op de planken bringe. 29 oktober bart dat yn doarpshûs De Bazuin yn De Triemen, oanfang 20.00 oere, 5 novimber yn doarpshûs De Trije Doarpen yn Kollumersweach, oanfang 20.00 oere, 6 novimber yn MFC De Tredder yn Westergeast en op 11 novimber yn de Old Dutch yn De Westereen, oanfang 20.00 oere. Yn Kollumersweach en yn De Westereen kin dat mei in buffetarrangemint.

In Bolle yn ‘e hûs fan Klaas van der Veen Gryt Feenstra komt thús fan har wurk en hat foar har man Bjinse, dy't de húshâlding docht, in nuver boadskip. In kollega fan har, in jonge frou dy't gjin man ha wol mar wol in bern, hat har frege oft Bjinse har dêr net by helpe koe. Dit liket Bjinse neifleanen. De ôfspraak is lykwols dat Antsje, de kollega, oer in kertier komme sil. Hoe sil dit ôfrinne? Buul-Sit fan Eve Sluis-de Bruin Olga en Emiel binne in spantsje. Hja komme elk út in alhiel oar miljeu. De âlders fan Emiel komme op besite by de mem en beppe fan Olga. In famylje út de "hegere" kringen by in famylje út de "legere" stân. Foaral ek yn it taalgebrûk sitte grutte ferskillen. In hûs mei hûshâldster fan D Mulder De famylje Singelsma komt te húsbesjen by de widdo Arends.Yn in advertinsje yn 'e krante biedt sy har hûs oan 'mei húshâldster'. De priis, dy 't sy foar har hûs freget, falt Singelsma sa bot ôf, dat er net fierder wol as de wenkeamer. Syn frou wol dochs wol graach wat mear fan it hûs sjen. Yn dy tiid komt Singelsma yn 'e kunde mei de húshâldster...... Foar mear ynformaasje sjoch ek op webside www.noflik-tegearre.nl of skilje mei 0511-445477 of 0511-444948

Auteur

jkommerie