HympHamp yn Bûtenpost: ‘Op Portret’

BUTENPOST

‘Op Portret’ is in foarstelling mei ferskes, sketskes en oare nuveraardichheden dy’t troch in ferskaat oan typkes en karakters oer it fuotljocht brocht wurde.

Hjoeddeiske minsken yn harren dwaan en litten wurde op in humoristyske wize tsjin it ljocht holden.

Werkenbere sitewaasjes soargje foar in heech 'Och heden ja!'-gehalte. De ymportFries, de âlden fan dagen mei harren rituelen en gewoanten, de fakânsjegongers en fansels de oandwaanlike Beitske en Harke Kietstra mei de fûgeltsjes yn it programma ‘Hea’ komme oan bod.

It kollektief HympHamp bestiet út de akteurs Jelmar Hoekstra en Fokke Plantinga mei meiwurking fan de muzikanten Paul Siemensma en Anko Bouma. Sneintemiddei spylje se fan 15.30 oere ôf yn sealesintrum The Point yn Bûtenpost.


Auteur

Redacteur