Tryater spilet De wierheid fan Wylgeragea yn Westergeast

WESTERGEAST

De nijste foarstelling fan Tryater, De wierheid fan Wylgeragea, giet op sneon 8 oktober yn premjêre yn MFC De Tredder yn Westergeast en reizget dêrnei oant en mei 18 desimber troch de provinsje.

Op tiisdei 4 en tongersdei 6 oktober binne der try-outs om 20.00 oere yn MFC De Tredder, Westergeast (kaarten: 058-2539550 of tryater.nl). It stik mei Joop Wittermans, Lourens van den Akker, Lysbeth Welling, Aly Bruinsma en Eva Meijering giet oer de reaksje fan in groep minsken yn in lytse mienskip op it momint dat der ynbreuk dien wurdt op it feilige gefoel dat dy mienskip hat. Om’t dit stik giet oer it mei mekoar libjen yn in doarp, wol Tryater it stik dan ek dêr foar it earst sjen litte. Gjin stuollen yn de seal by dizze foarstelling: Tryater komt foar De wierheid fan Wylgeragea nei de teaters en doarpshuzen mei in dekôr dat ek tribune is. Minsken sitte tsjin mekoar oer en sjogge yn it midden it ferhaal fan De wierheid fan Wylgeragea ûntstean, wêryn’t mei in grimmitich gefoel foar humor it ûnfermogen fan minsken om harren ridlikens te bewarjen sketst wurdt. Tagelyk binne de personaazjes ûntwapenjend en is harren wrakseling ynfielber. De wierheid fan Wylgeragea is dêrmei gjin oanklacht tsjin minsken, mar lit de minslike oanstriid in sûndebok bûten de eigen mienskip oan te wizen sjen.

Auteur

jkommerie