Fljimsk mei Griet Wiersma, Piter Wilkens en Minze Dijksma yn Bûtenpost

BUTENPOST

Sjongeres Griet Wiersma en gûchelder/kabaretier Minze Dijksma wurken jierrenlang gear mei komyk Teake van  der Meer. Yn 2014 liet Teake it twatal witte dat hy stopje woe mei de grutte sjo’s. Fans hienen doe fansels de hope dat it oerbleaune duo, Wiersma en Dijksma, trochsette soen mei harren optredens. De Fryske trûbadoer Piter Wilkens fertelde Wiersma tidens in moeting dat hy wol oan in nije útdaging ta wie. Omdat dizze sjonger/ferskeskriuwer in soad humor ferwurket yn syn optredens wie de nije kombinaasje Wiersma, Dijkstra en Wilkens samar klear. Harren kabaretfoarstelling krige de namme Fljimsk. It is in tige ûnderhâldend programma mei sang, sketskes en de nedige hokus-pokus. Sneintemiddei 2 oktober om 15.30 oere yn The Point Bûtenpost. Info: www.maskelynbuitenpost.nl / 0511541444.

 

Auteur

jkommerie